Translate this site

zondag 16 december 2012

Tzummarumer timmerman veranderd aangezicht Peins


As wy it lânskip hjir yn ús omkriten ris oereagje, binne der in soad doarpstuorren mei óf in sealtek óf mei in spits te sjen. Yn hun soart lykje dizze fan fieren wol wat op inoar, mar goed besjoen is der gjin ien toer gelyk. En dit jild noch mear foar de saneamde koepeltsjerken sa as dy yn Berltsum, Sint Anne en Sweins. 

Tekening J. Bulthuis uit 1790-1791
Doch it meast yn ’t each springend binne sûnder mis de tsjerketuorren fan Sint Japik en Peins want dy binne, yn dit gehiel besjoen, it dúdlikst werkenber fanwegen har ôfwykjende boustyl. Dizze beide tsjerketuorren hawwe der net altiten sa útsjoen. Dy fan Sint Japik hat nei alle wierskyn yn âlde tiden in spits mei in sipel hân en de Peinser toer hie eartiids in sealtek (sjoch ôfbylding fan J. Bulthuis út 1790-1791). Yn de 19e ieu lykwols binne der in protte tuorren ôfbrutsen en op ‘e nij boud yn de foarm sa’t wy dy no kinne. 

Wêrom no de tuorren fan lêstneamde doarpen sa’n ôfwykjende boustyl hawwe is net bekend; faaks hat it te krijen hân mei in ‘moderne’ tsjerkfâdij en of architekt. De âlde sealtektoer fan Peins is yn 1858 foar in part ôfbrutsen. Hy is doe 30 foet (sa’n 9 meter) ynkoarte, sawat oant de kloksgatten ta. Hjirfoar kaam in koart, mei pannen ôfdutsen, spitske yn ‘t plak. De timmerbazen Hyltsje Wybes Nauta fan Peins en Gerrit Roelofs Lettinga fan Sweins hawwe dit wurk doe útfierd foar 444 gûne.  Jierren letter, it sil likernôch 1875 west hawwe, is ek dat koarte spitske wer fuorthelle om plak te meitsjen foar in heger spitske, dy’t mei daklear beklaaid waard. Ek hjir is lokkich in tekening fan bewarre bleaun. Hy is makke troch de Peinser timmerman Paulus Schuitmaker *).




Ien en oar is ek te lêzen yn it boek “Historische wandelingen door Friesland” fan Jacob Hepkema. It haadstik dat oer Peins giet spilet him ôf yn de jierren 1897-1898, en de beskriuwing oer de tastân fan ‘e tsjerketoer begjint mei: … Naar alle zijden is het te merken, dat Peins te peinzen heeft, om aan geld te komen voor een nieuwe kerk en toren, zelfs vind men er geen passende afscheiding meer van de doodenakker, die aan alle zijden toegankelijk is voor de jeugd.

’t Ziet er treurig en treurend uit. … Een onbehaaglijke, in ijzeren beugels geslagen vierzijdige piramide staat nu op de oude grondvesten, een misplaatst stompje, dat zijn besten tijd ook al weer heeft gehad, de haan op de spits heeft de kracht reeds verloren om met alle winden te draaien. …

Hiel dúdlik is hjir út te priuwen dat de toer min wie en allinne mar minder waard. It kaam yn dy jierren sels sa fier, dat der stekken pleatst binne om de minsken te beskermjen foar fallend pún. Doe is der úteinlik besletten om de âlde swiere toer mar hiele
ndal ôf te brekken en in nij spitske op ‘e tsjerke te bouwen (it nuveraardige spitske sa’t wy it hjoed de dei kinne). En tagelyk moast dan ek de tsjerke, benammen de binnenkant, mar ris opknapt en fernijd wurde.
Peins 1982 (foto Tresoar)


It bestek en it ûntwerp hjirfoar wie fan architekt Hofstra út Frjentsjer en de Tsjummearumer timmerbaas Kloosterman hat it wurk útfierd foar 1970 gûne (ƒ 995 foar de tsjerke en ƒ 975 foar de toer). Hy wie de leechste fan ‘e 13 ynskriuwers; de heechste ynskriuwer hie it wurk op ƒ 3050,- raamt. Yn ‘e simmer fan 1900 is Kloosterman út ein set mei de tsjerke en der binne sa’t skynt gjin swierrichheden west, want ein maart fan it jier dêrop koe de tsjerke al wer brûkt wurde. Fuort dêrnei sil de toer wol ôfbrutsen wêze want yn 1902 wie it hiele projekt klear. Miskien aardich om te witten is dat de 60 m3 bakstien (âlde friezen) dy’t by de ôfbraak fan de toer frijkaam, yn de jierren 1906 - 1908 brûkt binne foar de restauraasje fan it Popta Slot yn Marssum. It kin ferkeare…

*) Âld Peinser Lieuwe Wallinga, dy’t no sûnt koart yn Tsjummearum wennet, hat de orizjineele tekening.


Jan Gerlofsma, Peins


RED: Dit artikel is in 2008 gepubliceerd in Ald Barradiel; Jan Gerlofsma is lid van de Oudheidkundige Vereniging Barradeel.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten